De ferwoasting fan it 47 ferdjippings hege Wrâldhandelsgebou 7 yn New York City yn ‘e neimiddei fa 11Septimber 2001, wie net it resultaat fan brannen neffens it rûnom ferwachte einrapport hjoed frijjûn troch de ûndersikers fan de Universiteit fan Alaska Fairbanks yn Fairbanks.

De befiningen fan it UAF-team, dy’t ti resultaat wiene fan in 4 jier duorjende stúdzje fan modellen fan ynstoartende wolkekliuwers binne yn tsjinspraak mei dy fan it Nasjonaal Ynstitút foar Standerds en Technology (NIST), dat yn 2008 konkludearre dat WTC 7 de earste heechbou wie dy’t ea troch brân ynstoarten wie.

“Us stúdzje fûn dat brannen yn WTC 7 net de konstatearre ynstoarting feroarsake hawwe koene, sei professor Leroy Hulsey, de belangrykste ûndersiker by de stúdzje. “De iennige manier hoe’t it falle kinnen hie op de waarnommen wize is troch it frijwol tagelyk beswiken fan alle pylders.”


“De iennige manier hoe’t it falle kinnen hie op de waarnommen wize is troch it frijwol tagelyk beswiken fan alle pylders.” — Professor Leroy Hulsey


De fjouwerjierrige stúdzje wie opsetten troch Architects & Engineers for 9/11 Truth (AE911Truth), in organisaasje sûnder winsteachmerk, dy’t mear as 3.000 arsjitekten en yngenieurs fertsjinwurdiget. Allegearre hawwe hja de petysje tekene dy’t opropt ta in nij ûndersyk nei de ferwoasting fan de trije tuorren fan it Wrâldhandelssintrum op 11 Septimber.

“Wy binne der grutsk op dat wy de Universiteit van Alaska Fairbanks en Professor Leroy Hulsey stipe hawwe by it lieden fan in yngreven wittenskippelike stúdzje nei de oarsaken fan de ynstoarting fan dit gebou” sei Richard Gage, de foarsitter en stifter fan AE911Truth. “No is it oan de pommeranten fan bou, media en oerheid rekken te hâlden mei wat dizze befiningen yn hawwe en in nij alles omfiemjend ûndersyk út ein te setten.”

AE911Truth en syn meistanners ûnder de famyljes fan de slachtoffers fan 9/11 sille de befiningen fan it rapport brûke as part fan in formeel “hersjenningsfersyk”. De groep hat foar dat mei koarten te oan NIST te dwaan. “De yn ‘e kiif steande flaters, dokumintearre yn ús hersjenningsfersyk, sille soargje, dat NIST der net foar wei kin har uterst wrakke rapport te ferbetterjen en har konklúzjes om te kearen, dat brannen de oarsaak wiene.” sei Gage.


“Is is no oan de pommeranten fan bou, media en oerheid rekken te hâlden mei wat dizze befiningen yn hawwe en in nij alles omfiemjend ûndersyk út ein te setten.” — Richard Gage, AIA


It einrapport titele In nije strukturele evaluaasje fan de ynstoarting fan WTC 7 – Einrapport, befettet ek de útlis en de oanfoljende tekst ôfkomstich fan publyk kommentaar, dat jûn is op in foarriedich rapport útbrocht troch UAF en AE911Truth op 3 Septimber 2019.

It einrapport fan de UAF-ploech is it resultaat fan in wiidweidich fjouwer jier duorjende ynspanning om kompjûtermodellen te meitsjen, folge fan in robúst proses fan werûndersyk troch kollega’s. It kollegiale werûndersyk befette tsientallen publike kommentaren en ekstern werûndersyk troch twa ûnôfhinkelike saakkundigen. Dr. Gregory Szuladzinski fan Analytical Service Company, in topsaakkundige op it mêd fan strukturele dynamika en modellering fan einige eleminten, en Dr. Robert Korol, in emeritus professor sivile technyk oan de McMaster University en lid fan de Canadian Society for Civil Engineering.

“Ik bin elk tankber dy’t op ien of oare wize dizze stúdzje stipe of der oan meidie” sei Professor Hulsey. “Wy hoopje dat ús befiningen soarchfâldich troch de ljue út de bou besjoen wurde sille en in oantrún binne ta fierder ûndersyk nei hoe’t dit gebou delkaam op dy tragyske dei.”

It Hulsey-rapport en it ûnderstypjende materiaal kin fûn wurde op it webstee fan UAF’s Institute of Northern Engineering http://ine.uaf.edu/projects/wtc7 en op it webstee fan AE911Truth https://www.ae911truth.org/wtc7.