Juster publisearre AE911Truth in wiidweidich ferslach fan grutte heechboubrannen dy’t yn ‘e wrâld plak fûnen yn de ôfrûne 50 jier. Wy binne fan doel dat te updaten as der yn de takomst grutte heechboubrannen foarkomme. (Lês it artikel.)

De needsaak foar dit ferslach waard dudlik doe’t der de lêste jierren in rige spraakmeitsjende brannen út briek, dêrby dy yn de Grenfell Tower (G.B.) en de brân plus eksploazje yn it Plascogebou yn Iran.

Mei de gearstalling fan dit ferslach wie ien fan ús soargen, dat der gjin ferkearde ferlikingen makke wurden soene tusken ferskillende geboutypen. In oar soarch wie dúdlik te meitsjen, dat World Trade Center, gebou 1, 2 en 7, de einige wolkekliuwer is, mei in tsjin fjoer beskerme stielen ramt, dat skynber as gefolch fan brân in folsleine ynstoarting ûndergiet.

Yn oanfolling op it ferslach fan de grutte heechboubrannen hawwe wy in nije FAQ publisearre rûnom de fraach: Hat der ea in folsleine ynstoarting west fan in wolkekliuwer mei in tsjin fjoer beskerme stielen ramt , útsein it World Trade Center, gebou 1, 2 en 7?